
It Nijsfoarum mei Sybe Knol, Wieke Goudzwaard en Hendrik Atze van Doezum
It nijsfoarum bestiet út deputearre Sybe Knol (FNP), CDA fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard fan Ljouwert en skiednisdosint Hendrik Atze van Doezum. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer: - de nije beskermingsstatus fan de wolf - wol of net alkohol tastean yn de Prinsetún - Minister Faber dy't gjin útstapkes mear wol foar bern fan in AZC - De fiering fan 80 jier frijheid - memmedei en giftige blommen
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.